Ynwenners Boerum sille 'grutte earen' misse

20 des 2018 - 15:38

In soad minsken yn Boerum reagearje teloarsteld op it nijs dat de grutte satelliten by it doarp ferdwine nei it bûtenlân. It 'grutte ear' of 'greate ear' stiet sûnt 1973 yn Boerum. It wurdt offisjeel Satellytgrûnstasjon 12 neamd. It behear is yn hannen fan it bedriuw Stratos.

Foto: Wikipedia

De measte minsken dêr't Omrop Fryslân tongersdei mei praat hat, reagearje teloarsteld op it ferdwinen fan in part fan de skûtels yn de omjouwing. "Het geeft nog een klein beetje werkgelegenheid. Er zijn twee mensen in ons dorp die er werken, voor die mensen vind ik het wel jammer dat het zo afloopt", seit ywenner Bea de Vries. Ek Steven van der Let kin it him noch net foarstelle dat de grutte skûtels der yn 2020 net mear stean. "Nee, se hearre by Boerum en ik fyn ek dat se stean bliuwe moatte."

Wilma Mulder sit sels yn de datatechnology. Se wit dêrom in bytsje hoe't it wurket op it park. "Volgens mij blijven de grote satellieten staan voor de communicatie van schepen. Wij hebben een bedrijf in datatechnologie. We worden wel betrokken bij de ontwikkeling van 5G."

"De grote oren horen gewoon bij Burum"

"De grote oren horen gewoon bij Burum", seit frou De Vries. "Ergens anders zijn er protesten tegen zonneparken en windmolens in het landschap, maar wij maken ons gewoon niet zo snel druk."

Wilma Mulder tinkt net dat de skûtels hiel fluch ferdwine sille. "Er loopt gewoon nog een contract tot 2020. En Ik verbaas me er wel over. 5G is juist de bedoeling om te gebruiken op het platteland. Waar in Europa kun je nou een alternatieve plaats vinden voor die satellieten?"

Trefwurden: 
netwurk AIVD Boerum UMTS MIVD 5G
(advertinsje)
(advertinsje)