CNV poerlilk oer ûntslaggen Hartman: "Schandalig wat hier gebeurt"

20 des 2018 - 13:56

Fakbûn CNV is net te sprekken oer it foarnimmen fan glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum om 57 wurknimmers te ûntslaan. Dat is mear as de helte fan it personiel. Der wurkje 110 minsken.

Tafelpetear Hartman

CNV-man Sijtze de Bruine hat mei de wurknimmers yn petear west en hat gjin goed wurd oer foar de wize wêrop't it bedriuw wurket. "Schandalig wat hier gebeurt. Ze willen het personeel lozen voor een derde van de transitievergoeding. En dat durven ze dan een sociaal plan te noemen!"

Hartman waard yn 2017 oernaam troch The Fruit Farm Group út België. Woansdei krigen wurknimmers te hearren dat 57 minsken fuort moatte. Wa't dat binne, witte se sels noch net.

De timing is slecht en de manier waarop het bedrijf van de mensen af wil is helemaal slecht.

Sijtze de Bruine

Repo Hartman

"Alles hieraan is slecht", fynt De Bruine. "De timing is slecht en de manier waarop het bedrijf van de mensen af wil is helemaal slecht. Als een reorganisatie nodig is, doe het dan op een nette manier. Misschien hebben ze in België andere regels, maar hier in Nederland hebben we gewoon een wettelijke transitievergoeding. Daar heeft The Fruit Farm Group ook geld genoeg voor."

Sjantaazje

Neffens De Bruine hat Hartman de wurknimmers foar it blok setten. Hy beskuldiget it bedriuw fan sjantaazje. "Ze hebben letterlijk tegen me gezegd: als de werknemers hier niet mee akkoord gaan, dan is de kans groot dat de boel failliet gaat. Is dat wat je wilt? Nog even en de medewerkers van Hartman en de vakbond krijgen de schuld van de slechte bedrijfsresultaten in de schoenen geschoven."

CNV advisearret wurknimmers fan Hartman om foarearst net in hantekening te setten ûnder in oerienkomst mei it bedriuw. "Het is zó minachtend allemaal, richting mensen die hier tientallen jaren hebben gewerkt."

Trefwurden: 
Seisbierrum Hartman
(Advertinsje)
(Advertinsje)