Deade moanfisk fûn op it strân fan Skylge

Op it strân fan Skylge is tongersdeitemoarn in deade moanfisk fûn troch Ruud Boersma. It giet om in grut eksimplaar fan 1 meter 70.
© De Vries Media
Moanfisken oerlibje yn de regel de Noardsee net fanwegen de kjeld. It is net de earste kear dat der in moanfisk fûn wurdt. Yn 2013 waard in dea eksimplaar fûn op it strân fan It Amelân.
Yn 2012 waard in libjend eksimplaar út de Noardsee helle en nei it Natuermuseum op It Amelân brocht. De fisk, dy't de namme Laura krige, hat dêr noch in heal jier libbe.