Unike bylden: Omrop Fryslân sjocht mei by in iepen hertoperaasje

20 des 2018 - 13:32

Omrop Fryslân nimt yn de rige 'In Iepen Hert' sjoggers mei nei de operaasjekeamer fan Hartcentrum Friesland foar in hertoperaasje. It sintrum, dat ûnderdiel is fan it MCL, heart by de bêste hertsintra fan Nederlân. Reden genôch om ris te sjen wêrmei't dy titel fertsjinne is. Yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed is fan 7 jannewaris ôf de rige fan fjouwer ôfleveringen te sjen, dêr't pasjint Klaas van der Meer, sjirurch John Bol Raap en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda by folge binne; fan it earste petear oant en mei de hertoperaasje.

Foto: Omrop Fryslân

Net bang oanlein

"Ik bin net bang oanlein. It moat barre en it sil fêst goed komme." Dat sei Klaas van der Meer foardat hy yn novimber oan syn hert operearre waard yn it MCL. Klaas is 85 jier âld en komt út Menaam. Hy is al in pear kear earder oan syn hert operearre; hy is dottere en hat fjouwer stents krigen. Mar Klaas is in echte nochtere Fries en seach ek dit kear hielendal net tsjin de operaasje op. Syn frou Baukje hie der mear lêst fan. "It is in hiele yngreep, want it hiele boarst moat iepen. Wy witte dan ek net hoe't Klaas der út komt nei de operaasje", sei se.

Foto: Omrop Fryslân

Ferkearde diagnoaze

De man dy't it hert fan Klaas letterlik yn hannen hat, is sjirurch John Bol Raap. Foarôfgeand oan de operaasje treft er Klaas meardere kearen. "Ik wil weten wat voor persoon ik in mijn handen heb en moet er van overtuigd zijn dat hij de operatie aan kan."

John is al 20 jier spesjalist foar de boarstkas en wurket sûnt twa jier by it MCL. De motivaasje foar syn berop wie der al doe't John noch mar njoggen jier wie. "Dat lag aan mijn vader. Die heeft een verkeerde diagnose gekregen en dat heeft veel impact gehad op hem, maar ook op ons als gezin. Dat was een vreselijke situatie en vanaf toen had ik de gedachte: dit wil ik bij anderen voorkomen."

Foto: Omrop Fryslân

In goed wurkjende keten

In operaasje docht in sjirurch net allinnich, seit John. "De hele keten moet goed zijn. Niet alleen de chirurg, maar ook de verpleging, intensive care en de anesthesie. Iedereen heeft zijn eigen rol in de operatie en dat werkt alleen als iedereen elkaar kan aanspreken op momenten dat het minder goed gaat."

Dêrom folget Omrop Fryslân ek Eelkje Strikwerda. As ferpleechkundige is se in soarte fan regisseur fan de soarch rûnom in pasjint. Wat de pasjint oan soarch nedich hat, wat it ek is, regelet Eelkje. Yn july ferline jier is Eelkje ôfstudearre. "En fan it begjin ôf oan hat it hert letterlik in plakje yn myn hert krigen. It is sa'n wichtich orgaan, dat yn ferbining stiet mei it hiele lichem. Dat fyn ik sa bysûnder."

In Iepen Hert

De rige 'In Iepen Hert' is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.

(advertinsje)
(advertinsje)