Frijspraak foar SC Twizel nei dug-outdrama

20 des 2018 - 13:03

Fuotbalklup SC Twizel is frijsprutsen yn it dug-outdrama. Justysje hie twa wiken werom in jildboete fan 10.000 euro easke, yn de rjochtsaak oer it ûngelok mei de dug-out.

Frijspraak foar SC Twizel nei dug-outdrama

Dêrby kaam fjouwer-en-in-heal jier lyn de 10-jierrige Yrsa de Bruin om it libben en rekken fiif oare bern ferwûne.

De dug-out hie by in stoarm it jier dêrfoar grutte skea oprûn en stoarte yn by in grut skoalkuorbaltoernoai, doe't der in groep bern opklommen wie.

"Het was voor de sportclub niet voorzienbaar dat de dug-out in zo'n slechte staat zou verkeren dat deze zou instorten", seit de rjochtbank. It wurdt de klup minder swier oanrekkene, omdat sy in amateurklup binne en gjin profesjonele organisaasje.

De neibesteanden hawwe teloarsteld reagearre op de útspraak. Sy hawwe it Iepenbier Ministearje frege om yn heger berop te gean.

Foto: ANP

Liesbeth Poortman, advokaat fan de neibesteanden

"Allerlei deskundigen en getuigen hebben verklaard dat die dug-out zichtbaar onveilig was. En toch zegt de rechtbank dat er onvoldoende bewijs is voor een veroordeling", seit Liesbeth Poortman, advokaat fan de neibesteanden.

De fuotbalklup sels is bliid mei de útspraak. Tjalling van der Goot, advokaat fan SC Twizel: "Je moatte fansels altyd soarchfâldich wêze, je hawwe altyd in soarchplicht. Mar net in mear as gewoane soarchplicht. En dat is wat de rjochtbank no útsprutsen hat. Dus dêr is it bestjoer wol tefreden oer."

Tjalling van der Goot, advokaat fan SC Twizel

Lysbeth Zwart-Sneek, parserjochter

Trefwurden: 
dug-out Twizel
(Advertinsje)
(Advertinsje)