Skylger film krijt wrâldpremjêre yn Berlyn

20 des 2018 - 12:45

De film "Mijn bijzonder rare week met Tess" is opnaam yn it programma fan it prestizjeuze ynternasjonale filmfestival fan Berlyn. De film fan regisseur Steven Wouterlood is folslein opnaam op Skylge en it ferhaal giet oer in fakânsje op it waadeilân.

Foto: ANP Foto

De film krijt in febrewaris fan takom jier syn premjêre yn Berlyn. It Fryske publyk moat noch efkes wachtsje. It duorret noch oant de ein fan 2019 foar't de film hjir yn de bioskoop te sjen wêze sil.

Regisseur Steven Wouterlood is grutsk op de seleksje fan syn film: "De competitie van Berlinale is voor familie- en jeugdfilms het belangrijkste internationale podium. Dat mijn debuutfilm daar in wereldpremière gaat, is een droom die uitkomt."

Trefwurden: 
Skylge film filmfestival
(advertinsje)
(advertinsje)