Artikel 1 fan de grûnwet krijt in plakje yn it provinsjehûs

20 des 2018 - 11:57

Artikel 1 fan de Nederlânske grûnwet krijt noch foar april 2019 yn twa talen in plakje yn in iepenbiere romte fan it provinsjehûs. Provinsjale Steaten hawwe dat woansdei besluten op foarstel fan CDA-steatelid Teus Dorrepaal.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Artikel 1 stiet ek wol bekend as it anty-diskriminaasje-artikel. Yn it artikel stiet dat 'allen die zich in Nederland bevinden, in gelijke gevallen gelijk behandeld worden' en dat diskriminaasje ferbean is.

CDA-steatelid Teus Dorrepaal

Steatelid Dorrepaal fynt dat artikel sa wichtich dat it neffens him ek in plak fertsjinnet yn it provinsjehûs yn Ljouwert. "Artikel 1 vraagt om actief onderhoud. Het is belangrijk om het er over te hebben en na te gaan of iedereen wel echt gelijke kansen bij jouw bedrijf of jouw organisatie krijgt, ongeacht leeftijd, handicap, kleur of geloof", seit in tige motivearre Dorrepaal. Syn foarstel waard stipe troch in grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten, mei útsûndering fan de PVV en de FFP.

Hoe't Artikel 1 yn it provinsjehûs der krekt út komt te sjen wurdt takommend jier bepaald. It is de bedoeling om dêr in Fryske keunstner by yn te skeakeljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)