Hake sjocht ek nei himsels nei bekerferlies: "Dat neem ik mezelf kwalijk"

Mei 2-1 ferlieze fan Fortuna Sittard. Dat kin barre foar Cambuur, mar de Ljouwerters lieten harren yn de bekerwedstriid net fan harren bêste kant sjen. Dat lûkt trainer René Hake himsels oan.
Schilder Fortuna
Lisandro Semedo en Lazaros Lamprou hiene al skoard foar Fortuna, foar Karim Rossi út namme fan Cambuur wat werom die. It wie in minne wedstriid fan de Ljouwerters, dy't ek pas yn de 78ste minút op goal skeaten. "Het echte geloof leek er af en toe niet in te zitten", sei oanfierder Robbert Schilder. "Het wordt nog spannend door die tegengoal, maar het was niet genoeg. Toen zag je wel ineens een bepaald geloof, maar dat zullen we vanaf het begin moeten hebben, anders heeft het tegen een ploeg als Fortuna Sittard geen zin."
Trainer René Hake wie net bliid en hat dat ek blike litten yn de klaaikeamer. It wie miskien mar goed dat dêr gjin kamera's binne, seit Hake. "Er zijn los van vandaag al genoeg momenten dat dat is gebeurd dit jaar. Dat moet te vaak, vind ik, en dat is niet goed.
Hake Fortuna
Hake wie teloarsteld dat Cambuur net mear koe tsjin Fortuna Sittard en seach net allinnich nei de spilers, mar eins earst nei himsels. "We hadden veel meer weerstand moeten bieden en dat hebben we niet kunnen doen. Dat neem ik mezelf kwalijk, ik heb de ploeg blijkbaar niet goed heb kunnen voorbereiden om er echt een wedstrijd van te kunnen maken. Ik kijk eerst naar mezelf en als je niet terugziet wat je graag wilt zien, neem je ook jezelf dat kwalijk."
Diemers Fortuna