Fytster slim ferwûne nei oanriding mei auto yn Wolvegea

In 55-jierrige fytster út Skerpenseel is tongersdeitemoarn betiid slim ferwûne rekke by in oanriding op de Oranje Nassauleane yn Wolvegea.
© De Vries Media
De frou waard yn it tsjuster fan efteren oanriden troch in 46-jierrige automobilist út Wolvegea. Doe't de plysje oankaam, lei de fyts ûnder de foarkant fan de auto, wilens it slachtoffer op de dyk efter de auto lei. Se is nei alle gedachten oer de auto flein.
Sjoen de ferwûningen fan de frou waard de traumahelikopter oproppen. It slachtoffer is nei it sikehûs UMCG yn Grins brocht. De automobilist ferklearre dat hy de fytster net sjoen hat. De plysje siket út wat der krekt bard is. De dyk wie om dy reden tydlik diels ticht.