Publyk kin faker it âlde riedshûs yn Balk besykje
It âlde riedshûs fan de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat yn Balk kin faker iepen foar it publyk. Dat is it resultaat fan oerlis tusken Pleatslik Belang Balk Foarút en gemeente De Fryske Marren.
Yn septimber waard dúdlik dat Balksters it spitich fine dat se mar in hiel beheinde tagong hawwe ta ien fan de moaiste gebouwen fan it doarp. Koartlyn hat foarsitter Wytze Bouma fan Pleatslik Belang hjiroer oerlein mei de gemeente.
Hjir is útkaam dat it eardere riedshûs maksimaal tsien kear yn it jier iepen kin foar it publyk. It giet dan net om privee-feestjes mar om spesjale eveneminten dy't tagonklik binne foar elkenien en dy't it algemien belang tsjinje. Der wurdt noch in protokol opsteld wêroan't sa'n iepenstelling foldwaan moat.