Fyftich ûntslaggen by Hartman yn Seisbierrum

By glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum wurde de kommende dagen sa'n fyftich minsken ûntslein. Direkteur Kenaad Tewarie fan de grienteteler Hartman hat dat de meiwurkers fan it bedriuw meidield.
Kassen © Shutterstock.com
De ûngefear 140 meiwurkers fan it bedriuw krije no moandei fan de lieding te hearren wa't yn jannewaris bliuwe mei en wa net. Guon fan harren wurkje al mear as tweintich jier by Hartman.
De firma Hartman waard yn de maaitiid fan 2017 oernommen troch The Fruit Farm Group út België. Sûnt dy tiid draait it bedriuw mei miljoeneferlies. Ynkrimping is neffens de direksje nedich om te oerlibjen.
Neffens ferskate meiwurkers fan Hartman hie de troch The Fruit Farm Group oanstelde lieding ûnfoldwaande kennis fan it telen fan komkommers en binne der in soad flaters makke. Doarpsbelang Seisbierrum is op de hichte fan it minne nijs by Hartman en neamt it massa-ûntslach "in mokerslach foar it doarp".
Tryst nijs.
Sander de Rouwe
Deputearre Sander de Rouwe fan Ekonomyske Saken lit yn in earste reaksje wite dat er 'bot skrokken' is fan it nijs oer de ûntslaggen. De deputearre hat it oer "tryst nijs" en "in slach foar de streek".
De provinsje is net troch it bedriuw sels ynformearre oer de ûntwikkelingen. De Rouwe sil sels kontakt sykje mei it bedriuw en mei de gemeente Waadhoeke om him fierder oer de situaasje ynformearje te litten.
De provinsje hope earder dit jier noch om grûn oan de firma Hartman te ferkeapjen yn ferbân mei mooglike útwreiding.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Seisbierrum