Taname yn tal WW-útkearings yn Fryslân, benammen troch ôfrinnen seizoenskontrakten

20 des 2018 - 08:24

It tal minsken dat ôfhinklik is fan in WW-útkearing is ferline moanne yn Fryslân krekt wat heger útkaam as yn de moanne dêrfoar.

Foto: ANP

Dat komt benammen omdat seizoenskontrakten yn de lânbou en hoareka ôfrûnen. Neffens it UWV binne foaral jongeren dêr de dupe fan. It UWV meldt ek dat yn it ûnderwiis, de soarch en yndustry it tal minsken mei in WW-útkearing yn Fryslân krekt nei ûnderen gie.

Fryslân wykt mei de sifers ôf fan de twa oare noardlike provinsjes, yn Grinslân en Drinte gie it tal minsken mei in WW-útkearing krekt nei ûnderen. De delgong yn Grinslân is dêrby mei hast twa prosint it grutst. Ek it lanlike gemiddelde lit in delgong yn it tal WW-útkearingen sjen.

Yn Fryslân krigen ferline moanne 10.582 minsken in WW-útkearing, 47 mear as yn oktober. De tanimming is dêrby it grutst op de Waadeilannen, op It Amelân gie bygelyks it tal WW-ers omheech fan 50 nei 67 en op Skylge fan 41 nei 52.

Neist in tanimming yn de al neamde lânbou en hoareka, waarden der ek mear WW-útkearingen oanfrege troch minsken dy't wurken yn de kulturele sektor, de grafyske yndustry en de skjinmakbrânsj.

Trefwurden: 
UWV WW-útkearingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)