Kollum: "Goed nijs"

20 des 2018 - 08:21

"Der soe wolris wat faker goed nijs wêze meie. Ik bedoel net 'Als ik de baas zou zijn van het journaal-goed nijs', mar gewoan serieus goed nijs. Juster wie der goed nijs.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

It foel my op, en doe tocht ik: it falt op om't it der gewoan net in hiel soad is. En dat is in hiel rare konstatearring, no't it al in skoftke goed giet mei de ekonomy.

It goede nijs dat ik lies kaam fan de NS; meastentiids net echt in grutleveransier fan goed nijs. It oantal treinreizgers nei Londen, Berlyn en Parys groeit mei 9 oant 15 persint sterk. Rjochting Londen is de stiging sels 80%, sûnt der yn april in snelle Eurostar-ferbining is. 'Vliegschaamte' is krekt net it wurd fan it jier wurden, mar it liket der neffens NS Internationaal al op dat we ús wat begjinne te skamjen foar fleanen. Alteast, foar koarte flechten.

In trochbraak, neamt reisburo Treinreiswinkel it yn de Volkskrant. "Mensen worden steeds bewuster van de CO2-uitstoot van de luchtvaart", seit de direkteur. Ik lês dat en moat de gedachte 'no pas?' ûnderdrukke, want dat soer út de oare pagina's fan myn krante wie dochs wat trochlekt nei dizze side.

Sa faak kom ik net yn Parys, Londen of Berlyn, mar ik kin sizze dat ik nei gjin fan dizze stêden ea flein bin. Ik begryp minsken ek net dy't dat al dogge, mar dêr moat ik ien ding al by sizze. Ik wenje op in kertier fytsen fan in NS-stasjon dêr't de ynternasjonale treinen nei dizze stêden wei ôfsette. En dat feroaret de saak al.

As jo yn Drachten wenje, dogge je mei it OV twaenheal oere oer de reis nei Amsterdam CS - it plak fan de ynternasjonale treinen. Tsjin dy tiid sit ik healwei Londen. Ast dat mei de auto dochst, dan kin dy tiid troch de helte. Mar de auto parkeare by Amsterdam CS is ûnbetelber, ast in pear dagen fuort giest. Dus wêrom dan net even troch ride nei Schiphol? Of nee, noch tichter by: Eelde! Want dêrwei kinst ek nei al die stêden fleane.

Treinreizgjen: it is in stik komfortabeler, mar it is ek in ynspanning, en it kostet ek jild. Us oerheid, sawol yn Ljouwert, Den Haach as Brussel, lit it ôfwitte. Der leit gjin rappe treinferbining nei de ynternasjonale treinstasjons út Fryslân en de CO2-útstjit fan fleantugen wurdt net nei meinommen yn klimaatferdragen. Ek yn Katowice, de klimaattop fan ferline wike, is de loftfeart bûten de ôfspraken holden, wylst de loftfeart in útstjit hat dy't fergelykber is mei de komplete lânbou. En fan dat lêste ite we. De útstjit troch fleanferkear stiicht boppedat noch altyd sterk.

Dus dy kut-Amsterdammers sa as ik ha in foardiel om't se tichter by in NS Ynternasjonaal-stasjon wenje. Mar ferjit net dat deselde kut-Amsterdammers ek ûnder de reek fan Schiphol wenje. Foaral oan 'e súd- en westkant fan 'e stêd, ha minsken in protte lêst.

Ik tink dat ik nimmen hoech te warskôgjen foar de komst fan Schiphol-flechten nei Lelystêd. De lobby fan Schiphol en de BV Nederlân dêrfoar is tige krêftich. Gelokkich stuts Brussel dizze wike in stôk yn 'e speaken. Mar rekkenje der mar op dat dy lobby noch net klear is. Ik soe mei de oankommende Steateferkiezings dochs ris even sjen hoe't de ferskillende partijen yn dit dossier stean, as ik yn Fryslân wenne. Dy Steateleden kieze Eerste Kamerleden en dy keamer kin in protte tsjinhâlde. Belangryk, want ast sa'n fleanfjild ien kear hast, komst der net gau wer ôf. Nim dat mar fan in Amsterdammer oan.

Nee, litte dy Steaten earst mar ris in rappe ferbining oer it spoar regelje. Twaenheal oere fan Drachten nei Amsterdam, dat kin anno 2019 echt net mear.

Sa. No is it my dochs wer slagge. Begjinne mei einliks ris wat goed nijs, om dêrnei trije minuten allinnich mar te seuren en te sanikjen, mei hel en ferdommenis oer ús klimaat, ús polityk en ús bedriuwslibben. Mar ik gun it elkenien sa graach: op Travalgar Square stean, de National Gallery binnen te gean, de romte mei Hollânske masters yn te rinnen, it selsportret fan Rembrandt dêr te sjen sûnder dat je dagen ûnderweis binne, heal fallyt gean oan 'e kosten, of tonnen CO2 feroarsake ha. Dat winskje ik jimme mar ta foar it nije jier. Noflike krystdagen, en goeie treinreizen!"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)