Bedriuwen yn Fryslân sykje hurd nei personiel troch florearjende ekonomy

20 des 2018 - 07:58

De Nederlânske ekonomy sit sûnt 2017 yn in faze fan heechkonjunktuer. Dat betsjut bygelyks dat der wer in soad mear ekonomyske bedriuwichheid is en dat de wurkleazens ôfnimt. Yn in rapport oer personielstekoarten dat it Centraal Bureau voor de Statistiek tongersdei publisearret, is goed te sjen hoe hurd Nederlânske bedriuwen op 'e syk binne nei personiel.

Foto: Datawrapper

De Nederlânske regio mei de grutste personielstekoarten is de Zaanstreek. Dêr jout mar leafst 36 persint fan de bedriuwen oan dat se behindere wurde troch in tekoart oan personiel. Yn Flevolân binne de personielstekoarten it lytst; dêr hat mar 16 persint fan de bedriuwen it dreech mei it finen fan genôch arbeidskrêft.

COROP-regio's

It CBS sammelet dizze sifers yn alle Nederlânske COROP-regio's. Dit binne gebieten wêryn't gemeenten gearfoege wurde en dy't brûkt wurde om analyzes meitsje te kinnen fan ferskillen binnen in lân of in provinsje. Yn Fryslân binne der trije fan dy regio's: Noardeast-Fryslân it súdwesten fan Fryslân en Súdeast-Fryslân.

COROP-grinzen kinne ek gemeenten opdiele; sa is bygelyks De Fryske Marren ûnderdiel fan ferskillende COROP-gebieten. Yn dit ûndersyk is dan ek net te sjen hoe grut de problemen yn de ôfsûnderlike gemeenten binne.

Foto: Datawrapper

Yn Fryslân ferskilt it nochal hoe grut de problemen binne, dy't bedriuwen hawwe om yn harren personielsbehoefte te foarsjen. Yn it fjirde fearnsjier fan dit jier seit mar leafst 29 persint fan de bedriuwen yn de regio Noard-Fryslân problemen te ûnderfinen troch in tekoart oan personiel. Yn de regio Súdeast-Fryslân is dat mar 19 persint en yn de regio Súdwest-Fryslân net mear as 16 persint. De personielstekoarten stige sûnt 2016 flink yn alle trije de gebieten.

Trefwurden: 
CBS ekonomy personielstekoart
(advertinsje)
(advertinsje)