MeM is te plak yn Bûtenpost

It talepaviljoen MeM is te plak yn Bûtenpost. Alle houten ûnderdielen binne de ôfrûne dagen ferhuze fan Ljouwert nei Bûtenpost en by de muzykpleats yn Bûtenpost wer opboud troch in groep timmerfaklju en studinten fan de Friese Poort.
MeM is te plak yn Bûtenpost
It paviljoen hat mei it kulturele jier yn de Prinsetún stien, dêr't it in ûnderdiel wie fan it Afûk-projekt Lân fan taal. It is de bedoeling dat MeM plak biede sil oan allerhande kulturele aktiviteiten, sa seit de nije eigener Atsje Lettinga, al komt der earst in krystbeam yn te stean. Hoefolle as der foar it houten gebou betelle is, bliuwt geheim.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman