De grutte earen fan Boerum ferdwine nei it bûtenlân
De grutte earen fan Boerum ferdwine. It ôflústerpark fan de Nederlânske feilichheidstsjinsten ferhuzet nei it bûtenlân, sizze Haachske boarnen tsjin de NOS.
Boerum
De tsientallen skûtels wêrmei't satellytkommunikaasje ûnderskept wurdt foar de ynljochtingetsjinsten AIVD en MIVD, steane de yntroduksje fan in rap 5G-netwurk yn it paad. De skûtels wurkje op deselde 3,5 Herz-bân as it nije netwurk.
Dat 5G-netwurk is nedich foar it oanstjoeren fia ynternet fan selsridende auto's, robotten en apparaten yn hûs. Dit 5G-netwurk moat yn 2020 opstart wurde. It kabinet socht al langer nei in oplossing. TNO hat ûndersyk dien nei mooglike oplossingen.
It is noch net bekend wannear't it park by Boerum ticht giet en wêr't de skûtels hinne ferhúzje.