Wurkleazens yn Fryslân bliuwt sakjen; noch wol heger as yn de measte oare provinsjes

20 des 2018 - 06:02

It Centraal Bureau voor de Statistiek komt tongersdei mei in grut rapport oer de regionale ekonomy. Wy sette de meast opfallende punten foar Fryslân op in rychje.

Foto: Datawrapper

Wurkgelegenheid

Lanlik groeide de wurkgelegenheid yn 2017 mei 2,2 persint. Yn Fryslân is it oantal wurksume persoanen yn 2017 mei 1,95 persint tanaam nei 307.800. Yn 2016 wiene dat der noch 301.900. Fan dy wurksume persoanen wurken der foarich jier 65.000 as selsstannige.

It CBS skriuwt dêr yn it rapport it folgjende oer: "De ontwikkeling van het aantal zelfstandigen kan ook gemeten worden ten opzichte van de ontwikkeling van het totaal aantal werkzame personen. In Nederland was 4,5 procent van de toename in werkzame personen een zelfstandige. In Fryslân was dit percentage met 5,4 procent het hoogst."

Yn Fryslân is in fyfde fan de minsken dy't wurkje selsstannige, en dêrmei hat ús provinsje ek it grutste oandiel wurkjende selsstannigen fan it lân.

Wurkleazens

De wurkleazens yn Fryslân bliuwt sakjen. Yn 2017 wie noch mar 5,2 persint fan de Fryske beropsbefolking wurkleas, wylst dat bygelyks yn 2014 noch 8 persint wie. Lanlik skoart Fryslân noch net sa goed; allinnich yn Grinslân, Flevolân en Súd-Hollân wie de wurkleazens grutter as by ús.

Foto: Datawrapper

Ferwachtings ûndernimmers

It CBS bringt ek yn kaart wat de ferwachtings fan ûndernimmers binne foar kommend jier. De ûndersikers freegje bedriuwen nei harren ferwachtings oer harren omset, of se ynvestearje sille en of se minsken oannimme sille. Lanlik tinkt 30 persint fan de ûndernimmers dat harren omset yn 2019 groeie sil. Yn de regio Zuidwest-Friesland tinkt mar leafst 45 persint fan de ûndernimmers dat se kommend jier in gruttere omset draaie sille as yn 2018. Yn gjin inkelde oare Nederlânske regio binne der sa'n soad ûndernimmers posityf oer de omsetferwachting fan kommend jier.

Yn de regio's Noard-Fryslân en Súwest-Fryslân ferwachtet ûngefear 17 persint fan de ûndernimmers dat se kommend jier mear minsken oannimme sille. Dat is fergelykber mei it lanlik gemiddelde. Yn de regio Súdeast-Fryslân ferwachtet sa'n 10 persint fan de ûndernimmers dat se mear personiel ynsette sille en dat is flink leger as it lanlik gemiddelde.

Wenningmerk

Ek yn 2017 steane wennings yn Nederlân hieltyd koarter te keap. Yn Noard-Hollân en Utert steane wennings offisjeel noch mar fjouwer moanne te keap; in moanne koarter as it jier dêrfoar. Dat jout lykwols in fertekene byld, omdat der tusken de foarriedige keapoerienkomst en it echte passearjen fan de keapakte wol trije moanne sitte kin. De keaphuzen yn Noard-Hollân en Utert binne dus eins al nei in moanne fan de merk.

Yn Limboarch stiene wennings gemiddeld njoggen moanne te keap yn 2017. Fryslân, Seelân en Drinte komme mei 8 moannen op in dielde twadde plak.

De wenningprizen lizze yn Fryslân relatyf leech, seit it CBS. Al binne se net sa goedkeap as yn Delfzijl, dêr't it gemiddelde hûs 141.000 euro kostet. Yn Bloemendaal waarden de djoerste huzen ferkocht. Dêr binne keapers gemiddeld 776.000 kwyt oan in hûs.

Ekonomyske groei

De ekonomy fan Fryslân is yn 2017 twa persint groeid yn ferliking mei it jier dêrfoar. Lanlik is dat 2,9 persint en sa komt Fryslân op it alfde plak. Allinnich Grinslân docht it minder goed. Dêr kromp de ekonomy mei in heal persint. De fertrage groei yn Grinslân en Fryslân komt troch it fierder tichtdraaien fan de gaskraan. Benammen yn Grinslân hat dat dus in grut effekt. It CBS hat dêrom ek de ekonomyske groei fan de provinsjes berekkene sûnder de delfstoffewinning, en dat jout fuortendaliks in positiver byld fan de noardlike provinsjes.

Regionale ekonomyske groei (yn persinten)

2016 2017
Nederlân 2,2 2,9
Grinslân 2,2 -0,5
Fryslân 1,2 2,0
Drinte -0,3 2,3
Oerisel 2,6 2,9
Flevolân 2,5 4,2
Gelderlân 1,9 2,9
Utert 1,7 3,2
Noard-Hollân 3,6 3,3
Súd-Hollân 1,2 2,7
Seeland 1,4 2,3
Noard-Brabân 2,2 3,3
Limboarch 3,5 2,9
Eksklusyf delfstoffewinning
Grinslân 3,4 2,3
Fryslân 1,7 2,3
Drinte 0,6 2,8

Ek hoefolle jild der fertsjinne wurdt yn ús lân is wer tanaam. It bruto binnenlânsk produkt de Nederlanner wie yn 2017 43.000 euro. Fryslân bongelet hast ûnderoan mei 29.600 euro. Allinnich yn Drinte leit it bbp noch leger.

Trefwurden: 
CBS ekonomy
(advertinsje)
(advertinsje)