Ried Ljouwert botst mei wethâlder oer soarchplan

20 des 2018 - 00:03

In mearderheid fan de gemeenteried fan Ljouwert fielt him net serieus nommen troch wethâlder Herwil van Gelder. Se falle benammen oer syn hâlding.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De riedsleden fine dat hy net harket nei de krityk dy't der is op de plannen foar de feroaring fan de soarch yn de gemeente. Hast de folsleine ried fynt dat der op 'e nij nei sjoen wurde moat. De wethâlder seit de krityk heard te hawwen, mar wegeret syn plannen no al oan te passen.

Lutz Jacobi: It plan moat oanpast wurde

De krityk wie net fan de loft. Benammen ek út de eigen koälysje. PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi wie helder: "It plan moat oanpast wurde." Se wol trije oanpassingen. Sa moat der folle mear sjoen wurde nei wat der yn de wiken en doarpen nedich is oan soarch. Ek wol se dat it kolleezje serieus praten giet mei de soarchoanbieders dy't sein ha mei tinke te wollen oer in alternatyf plan. "Het is tijd om pas op de plaats te maken en de maand januari te nemen om na te denken", sei Jacobi. Se wurdt dêryn stipe troch it grutste part fan de partijen.

De eigen partij fan wethâlder Herwil van Gelder, PAL GroenLinks, is milder. Dochs hat ek Femke Molenaar in soad krityk: "Helder is dat dit wat er nu ligt niet goed genoeg is. We willen alles wat er besproken is terugzien in de volgende fase, dat is begin volgend jaar. Nu is er te weinig voor een goed besluit."

Van Gelder: net blyn foar krityk

Van Gelder sels seit net blyn te wêzen foar de krityk: "Het plan past binnen de kaders van de raad. Het is ook een concept, niet een definitief iets."

Hy seit dat er de krityk fan de riedsleden serieus nimt en ferwurkje wol yn in definityf plan oer de soarch: "Ik zie dat niet duidelijk is wat we nu precies bedoelen met een alliantie. Maar ook de oproep om aan de slag te gaan met het aanbod van de zorgaanbieders. Dat we dat momentum moeten pakken."

Mar dêr heakket er oan ta: "Dit heeft natuurlijk wel consequenties, met name financieel. Uitstel kan geld kosten."

Dochs is Van Gelder net benaud foar de ried: "De raad neemt geen besluit over dit stuk. Dit is, nogmaals, een concept. Pas in januari ligt er iets definitiefs."

Húnlaitsjen yn de ried

It late ta húnlaitsjen yn de ried. "It liket wol oft de wethâlder yn in oare fergadering sit as wy", sa sei FNP'er Jan-Willem Tuininga.

De ChristenUnie is ferbjustere, seit Carlijn Niesink: "Het voelt als een teleurstellende avond. De wethouder heeft een duidelijk signaal gekregen, maar hij lijkt er niets mee te doen." Se begrypt dan ek net wêrom't de wethâlder syn konklúzjes net lûkt en in nij stik makket.

De VVD fynt dat Van Gelder neitinke moat oer syn politike takomst, seit Marcel Visser: "Dit stuk had allang van tafel gemoeten. Het is ontluisterend om te zien dat een wethouder met een teflonlaag dit allemaal van hem af laat glijden. Als hij niet met de kritiek op zijn plan kan omgaan, moet hij zijn biezen pakken." Visser hat dan ek gjin betrouwen mear yn Van Gelder.

Besunigingen

De hiele diskusje yn de gemeenteried draait om de feroaringen yn it saneamde sosjaal domein. Dat is de oerkoepeljende term foar sa'n bytsje alle soarch dy't de gemeente leveret. Tink oan de Wmo. Om't der minder jild beskikber is, moat der foars besunige wurde.

De koälysjepartijen yn de ried, PvdA, PAL Groenlinks, CDA en D66, hawwe dêr ôfspraken oer makke. Der moast in nij plan makke wurde wêryn't de opdracht stie om 10 persint te besunigjen, 3,6 miljoen euro. It útstel dat koartlyn presintearre is, koe fuort rekkenje op in soad krityk. Benammen út de hoeke fan de soarchoanbieders en de frijwilligersorganisaasjes. It grutste part fan de gemeenteried slút him dêr no by oan.

Nij plan foar de simmer

De soarchoanbieders kamen mei in alternatyf plan. Se wolle mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om tafel om te wurkjen oan in oar en better plan. Direkteur Sjoerd Tolsma fan Amaryllis, de organisaasje dy't no in soad fan de soarch yn Ljouwert organisearret, stelt dat de besuniging helle wurde kin. Der is allinnich mear tiid nedich om in goed plan te meitsjen.

Woansdei lieten de oanbieders witte dat dat net slagget foar 4 jannewaris. Dat wie wol de útdruklike winsk fan it kolleezje. De oanbieders wolle ôfspraken meitsje mei de gemeente en dan foar de simmer in nij en better plan presintearje.

(advertinsje)
(advertinsje)