FIDEO: It Sportgala en de reade loper

In grutte Fryske ynbring op it Sportgala fan NOC*NSF en de NOS woansdeitejûn yn Amsterdam. Sa wiene Suzanne Schulting en Epke Zonderland nominearre as Sportfrou en Sportman fan it Jier, mar ek de shorttrackcoach Jeroen Otter hie kâns op in priis. En der wiene noch allegear oare Friezen op de reade loper, lykas shorttrackploechgenoaten Rianne de Vries, Daan Breeuwsma en Dennis Visser. Mar ek Linda, de frou fan Epke Zonderland. Sierk Jan de Haan, de man fan Anna van der Breggen, dy't lykas Schulting nominearre wie. Fierder twa manlju dy't faak entûsjast binne oer Fryslân en Friezen: turnkommentator Hans van Zetten en sjuerylid, swimmer en 'reus' Maarten van der Weijden.
It Sportgala en de reade loper