Jean-Marc van Tol: "Je kunt tegenwoordig beter dichter zijn dan striptekenaar"

19 des 2018 - 23:01

De Nederlânske stripwrâld is spitigernôch fergeane gloarje en op stjerren nei dea. Jean-Marc van Tol, tekener fan de suksesfolle cartoonrige Fokke en Sukke hie gjin opwekkend boadskip foar it publyk dat woansdei nei IepenUP Live kommen wie. "Vroeger had je stripbladen met meer dan 500.000 lezers. Daar is nu niets meer van over. Ook het aantal stripwinkels in ons land is drastisch afgenomen. Kijk naar je je eigen stad Leeuwarden, daar zitten er nog maar twee. Dat alles maakt het voor jonge striptekenaars moeilijk om te overleven, Je kunt tegenwoordig beter dichter zijn dan striptekenaar".

IepenUP mei JeanMarc van Tol

Nettsjinsteande kin Jean-Marc van Tol wol fan it tekenjen libje. Hy makket mei John Reid en Bastiaan Geleijnse, de cartoonrige Fokke en Sukke, mei yn de haadrollen in kanarje en in ein, dy't yn ferskate deiblêden en tydskriften ferskine.

Van Tol dielde mei presintator Jacco de Boer hoe't der alle dagen wer in cartoon ta stân komme kin. It binne benammen serieuze saken dy't oanlieding jouwe ta humoristyske situaasjes. Ek hurde grappen wurde dêrby net út de wei gien en Van Tol wurdt troch syn útjouwer gjin beheiningen oplein. Hy hie wolris in grap oer Spinoza út eigen beweging sensurearre. Dy hat er ferfongen troch in grap oer Eisinga, omdat er sa'n soad bewûndering foar him hie. "Want we moeten juist bewondering voor Eisinga hebben. Die heeft echt geweldig werk verricht en verdient geen flauwe grapjes."

Asing Walthaus

Hilarysk wie de bydrage fan LC-sjoernalist Asing Walthaus. Hy hie spesjaal foar IepenUP Live inkelde cartoons fan Fokke en Sukke oerset yn it Frysk. Fryslân is gauris oanlieding ta grappen, sa sei Van Tol. Sa gie de Fokke en Sukke dy't woansdei yn de NRC publisearre wie oer, jawol, it wurd fan it jier: Blokkeerfries.

Wiidweidich waard der woansdeitejûn ek stilstien by it boek dat Van Tol, dy't oarspronklik histoarysk letterkundige is, skreaun hat oer Cornelis Musch, in tiidgenoat fan Johan en Cornelis de Witt. Hy hat it boek opdroegen oan prinses Amalia, dochter fan kening Willem Alexander en keninginne Máxima.

Kening

Van Tol hat by de kening yn de klasse sitten en hat dêrtroch letter noch in pear kear kontakt mei him hân. By ien fan dy gelegenheden hat de kening Van Tol tafertroud dat hy ek mei syn memoires dwaande is en dat dat boek sûnder mis op de Nederlânske merk ferskine sil.

Dit wie de lêste IepenUP Live fan dit jier. Presintator Jacco de Boer koe it publyk fertelle dat de wyklikse talkshow takom jier wer weromkomt. De earste útstjoering is op 23 jannewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)