Olde Riekerink: "Wij hebben het gewoon niet goed gedaan"

Sportklup Hearrenfean hat him woansdeitejûn pleatst foar de kwartfinale fan de KNVB Beker, mar dat gie tsjin de amateurs fan ODIN'59 út Heemskerk net ienfâldich. De Friezen wûnen mei 1-3, mar stiene nei twa minuten al mei 1-0 efter. Trainer Jan Olde Riekerink wie nei ôfrin fan it duel dan ek kritysk: "Wij hebben het gewoon niet goed gedaan."
Jan Olde Riekerink nei Odin '59
Hearrenfean hie it hast de hiele wedstriid lestich mei de treddedifyzjonist. "ODIN is natuurlijk een ploeg die een sterkte heeft en daar optimaal gebruik van maakt. De hoge ballen, de kracht, de lengte en de inworpen. Dat is voor elke tegenstander lastig, maar wij hebben het gewoon niet goed gedaan", sa seit Olde Riekerink. "Uiteindelijk is het bij bekerwedstrijden een streep trekken en kijken wat het resultaat is. Maar dit is wel iets waar we met de jongens mee aan de slag moeten."
It resultaat is dus de kwartfinale fan de KNVB Beker. De trainer sjocht alfêst foarút nei dat duel. "Ik hoop dat we thuisloten, dat heb ik de vorige keer ook gezegd. En dan hoop ik dat we daarna nog twee wedstrijden winnen en dan hebben we de beker", seit de trainer.
Pelle van Amersfoort nei Odin '59
De wedstriid tsjin ODIN wie foar Pelle van Amersfoort in spesjale. De middenfjilder is berne yn Heemskerk en koe dus in protte spilers fan de tsjinstanner. "Ik kende wel een aantal jongens. Niet echt als vrienden, maar ik ken ze wel allemaal van naam en ik spreek ze ook wel eens", sa seit Van Amersfoort, dy't úteinlik de ferlossende treffer makke foar de Friezen.

Tige sloardich

De 21-jierige fuotballer fûn syn ploech tsjin de amateurs tige sloardich. "We hebben onszelf eigenlijk uit de wedstrijd gespeeld. ODIN deed het ook wel heel goed, maar wij waren heel slordig aan de bal. Waardoor zij erin bleven geloven, veel duels wonnen en het publiek ging erachter staan. Het zijn altijd lastige wedstrijden bij zo'n amateurclub, maar uiteindelijk hebben we op het juiste moment gescoord", sa seit Van Amersfoort.