Cambuur yn achtste finales fan KNVB Beker ûnderút tsjin Fortuna Sittard

SC Cambuur is der net yn slagge de kwartfinale fan de KNVB Beker te berikken. De Ljouwerters giene yn de achtste finales yn it Fortuna Sittard Stadion mei 2-1 ûnderút tsjin Fortuna Sittard út de earedifyzje.
Mark Diemers (Fortuna) hat de bal, Nino van den Beemt (Cambuur) efterfolget © Orange Pictures
De thúsploech krige nei fjirtjin minuten de earste grutte kâns fan de wedstriid. Ald-Cambuurspiler Mark Diemers kaam each yn each te stean mei doelman Xavier Mous, mar hy slagge der net yn om him te passearjen.
De twadde kâns fan de Limboargers wie wol raak. Lisandro Semedo krige tefolle romte fan de Ljouwerter ferdigening, wêrnei't hy Mous mei in pleatst skot yn de koarte hoeke kânsleas liet. De besikers kamen yn de earste helte net ta in echte kâns.
Geert van Tuinen yn petear mei trainer René Hake

Debút foar Etten

It gebrek oan kânsen wie foar trainer René Hake reden genôch om yn it skoft yn te gripen. De oefenmaster helle Kevin van Kippersluis en Kevin Schindler derút en ferfong harren troch Tyrone Conraad en Rutger Etten. Lêstneamde makke dêrmei syn offisjele debút foar de Ljouwerters.
De omsettingen hiene net folle effekt, want ek nei it skoft wie de earedifyzjonist better. De Amerikaanske spits Andrija Novakovich wie in pear minuten nei it skoft tichteby de ferdûbeling fan de Limboarchse foarsprong, mar hy kopte fan tichteby oer de goal.
Nei in oere krige spits Karim Rossi in kâns op de lykmakker, mar syn skot miste rjochting en gie neist it doel fan Fortuna.
Mark Diemers (Fortuna) en Nino van den Beemt (Cambuur) yn duel © Orange Pictures

Peal rêdt Cambuur

Yn de 64e minút krigen de Fortunezen fia Novakovich de grutte kâns op de 2-0. De spits gie dwerstroch de ferdigening fan Cambuur, mar de peal brocht rêding foar de earstedifyzjonist. In pear minuten letter kaam Cambuur wer goed fuort. Novakovich kopte in foarset foarby keeper Mous, mar de grinsrjochter hie de flagge al omheech foar bûtenspul. It bleau dus 'mar' 1-0.

Twadde treffer

Yn de 81e minút like it duel beslist te wurden troch in goal fan de Lazaros Lamprou. De Gryk kopte de bal knap foarby de doelman fan de Ljouwerters. Opskuor yn de slotfaze soarge der noch foar dat de Limboargers it duel mei tsien man einigen. Keeper Aykut Ozer krige in reade kaart nei in neitraapjende beweging rjochting Rossi.
Mei in man mear slagge Cambuur der fia Karim Rossi noch yn om de oanslutingstreffer te meitsjen, mar fierder dan 2-1 kamen de Ljouwerters yn de blessueretiid net mear.
Hake Fortuna
Fortuna Sittard - SC Cambuur 2-1 (1-0): 19. Lisandro Semedo 1-0, 81. Lazaros Lamprou 2-0, 90. Karim Rossi 2-1.
Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Van den Beemt (90+1. Mbende), Maulun, Schindler (46. Etten); Kallon, Rossi, Van Kippersluis (46. Conraad).