Suzanne Schulting útroppen ta Sportfrou fan it Jier

19 des 2018 - 21:35

Suzanne Schulting is yn Amsterdam op it Sportgala fan NOC*NSF en de NOS útroppen ta Sportfrou fan it Jier 2018. De shorttrackster fan De Tynje wûn op de Olympyske Spelen yn Pyeongchang goud op de 1000 meter en mei it Nederlânske team brûns op de ploege-efterfolging. De 21-jierrige Schulting wie de earste Nederlanner ea mei in olympyske gouden medalje by it shorttrack.

Schulting hie op it Sportgala konkurrinsje fan olympysk kampioene op de 1000 meter (langebaan) Jorien ter Mors en de wrâldkampioenen hurdfytsen Anna van der Breggen (wedstriid op 'e dyk) en Annemiek van Vleuten (tiidrit).

Jongste sûnt 2006

Schulting is de jongste Sportfrou fan it Jier sûnt 2006. Doe gie de 20-jierrige Ireen Wüst der mei de priis fan troch. Wüst wûn yn dat jier op de Olympyske Spelen yn Turijn goud op de 3000 meter en pakte in brûnzen medalje op de 1500 meter.

"Een grote eer"

"Ik vind dit heel erg vet en een grote eer!", wie de earste reaksje fan Schulting. "Ik heb me voorgenomen om niet te gaan huilen, zoals Sjinkie ooit deed." Dêrnei krige se it dochs in bytsje te kwea, doe't se har heit en mem betanke. "Bedankt dat jullie er altijd voor me zijn. Ik ben wel vervelend geweest, maar uiteindelijk is het allemaal goedgekomen."

Gjin priis foar coach Otter

De coach fan Suzanne Schulting en alle oare shorttrackers, Jeroen Otter, foel net yn de prizen. Otter wennet op It Hearrenfean. Hy naam it by de ferkiezing Coach fan it Jier op tsjin tenniscoach Raemon Sluiter en reedrydcoach Jac Orie. Dy waarden beiden ferkeazen ta bêste sportcoach fan 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)