Stielen frame fan DNA-keunstwurk ferhuzet nei Friese Poort

19 des 2018 - 21:30

It DNA-keunstwurk dat in jier yn it Stedskantoar yn Ljouwert stien hat, wurdt yn jannewaris oerlange oan ROC Friese Poort. It keunstwurk is in stielen frame, dat bestiet út tûzenen reagearbuiskes mei persoanlike ferhalen.

Foto: ROC Friese Poort (Sanne Giliam)

It frame hat 96 ramen en in omfang fan 5×5×5 meter. It hat yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Stedskantoar stien. Minsken koene in reagearbuiske folje mei in persoanlik ferhaal. Alle buiskes ha in plak krigen yn it keunstwurk en foarmje sa mei-inoar it DNA fan Ljouwert.

Begjin 2019 hellet it bedriuw Mannen van Staal it keunstwurk útinoar. Sy ha earder ek it frame makke. It frame giet nei it gebou fan ROC Friese Poort oan de Anne Wadmanwei.

Slút perfekt oan by opliedingen

Dêr binne benammen technyske opliedingen. Se sochten dêr nei in nije 'architecturale invulling' foar in wurkpleats. "De staalconstructie van het kunstwerk sluit perfect aan bij het high-tech-karakter van de opleidingen", fertelt arsjitekt Harm Tigchelaar.

De buiskes wurde bewarre yn it Historisch Centrum Leeuwarden.

Ek de betinker fan it DNA-projekt, Hein de Graaf, is entûsjast oer de ferhuzing fan it keunstwurk nei Friese Poort: "Er hoeven slechts enkele kleine aanpassingen in het ontwerp doorgevoerd te worden om ervoor te zorgen dat bestaande frame en aanvullend nieuwe stalen elementen een fraai geheel opleveren."

1.700 studinten fan Friese Poort hawwe earder sels ek in reagearbuiske folle mei in persoanlik ferhaal.

Op it stuit wurdt noch boud oan it nije lokaal fan Friese Poort. Fan begjin jannewaris ôf wurdt it frame útinoar helle en dêrnei weropboud wurde oan de Anne Wadmanwei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)