FNP wol frijstelling foar bioboeren by fosfaatwetjouwing
De FNP yn de Provinsjale Steaten wol graach frijstelling foar biologyske boeren as it giet om de fosfaatwetjouwing. Dat freegje se oan Deputearre Steaten. Neffens de partij is de wetjouwing te strang en dêrtroch soene de bioboeren yn de problemen komme.
De problemen ûntsteane trochdat de behanneling fan de beswieren tsjin takende fosfaatrjochten te lang duorret.
"We meitsje ús soargen dat mei de tiid miljeufreonlike gesinsbedriuwen ferdwine sille", seit Wopke Veenstra fan de FNP. Hy freget oan Deputearre Steaten hoefolle boeren oft problemen ha en oft der al kontakt west hat mei minister Carola Schouten fan Lânbou.