Ek omtinken foar byldzjende keunst en mear soarten muzyk yn kultuernota
De winsken oer de byldzjende keunst en 'popkultuer' yn de nije kultuernota 'Kultuer oan 'e Kime' wurde honorearre. Ferskate partijen hiene krityk op de nije beliedsplannen en de Provinsjale Steaten kamen mei moasjes en amendeminten op de kultuernota.
Sa woe de PvdA mear omtinken foar byldzjende keunst en dat komt der ek. Yn de kultuernota wurdt dy byldzjende keunst no ek in belangryk gebiet dat stipe en oandacht fertsjinnet. It wurdt taheakke oan de spearpunten foar kultuerbelied.
Dêrnjonken woene de VVD en PvdA dat de fokus op 'popkultuer' ferbrede wurdt oant in fokus op alle soarten muzyk, dus ek omtinken foar hafabra en klassike muzyk. Ek dy moasje waard mei in grutte mearderheid oannommen.