Postume ûnderskiedings foar KNIL-militêr Marcus Jacob Souisa

19 des 2018 - 20:24

Yn Snits krige de famylje fan KNIL-militêr Marcus Jacob Souisa hast 30 jier nei syn dea twa ûnderskiedings oerlange. Souisa oerlibbe fjouwer jier as finzene fan de Japanners yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy spruts der kwealik oer mei syn famylje. Dyselde famylje is hiel bliid mei de erkenning.

Underskieding Souisa

It oerlangjen fan de ûnderskiedings waard dien troch boargemaster Jannewietske de Vries. It giet om it Mobilisatie-Oorlogskruis en it Ereteken voor Orde en Vrede. In kollega fan pakesizzer Ralph Lantinga dy't ek militêr is, socht út wat Lantinga syn pake krekt allegearre meimakke hat.

"Ik ben als marinier en met een speciale eenheid van de marechaussee meerdere malen in crisisgebieden geweest. In Bosnië, Afghanistan en Irak. Maar toch kun je die omstandigheden niet vergelijken met wat opa heeft meegemaakt", seit Lantinga. Syn pake festige him nei de oarloch yn Amearika en ferstoar dêr op 4 jannewaris 1989.

Boargemaster Jannewietske de Vries en Souisa syn pakesizzer oan it wurd

De famylje krijt de ûnderskiedings út hannen fan boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)