Fjoerwurkstander Empatec goedkard, mar dochs net yn de ferkeap

19 des 2018 - 20:05

Wa't mei âld en nij in fjoerpylk ôfsjitte wol, hat dêr ferplichte in goedkarde stander by nedich. Dat is in nije feiligensmaatregel fan de oerheid. In soad gedoch, foar de fjoerwurkferkeapers, mar ek foar de produsinten. Sosjale wurkfoarsjenning Empatec heakke dêr op yn en makke de standers sels.

Twa wike lyn gie der in partij fan 70.000 standers nei de âldizerbult, omdat se ôfkard waarden. Der drige in tekoart oan de ferplichte standers. Sosjale wurkfoarsjenning Empatec sprong yn it gat. Se ûntwikkelen yn in pear dagen tiid in stander. Dt stander waard goedkard, mar úteinlik wie it krekt te let.

De brânsj fan fjoerwurkhannelers hie sels yntusken ek wer in stander makke. Spitich foar de wurkfoarsjenning, mar se binne wol tige grutsk op it feit dat se as earsten in goed alternatyf foar de ôfkarde standers hiene. Earder diene se dat mei snieskowers. Dat wie wol in sukses. It bedriuw hopet dat der dochs noch in merk komt foar harren standers.

Peter van Velsen fan Empatec - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Peter van Velsen fan Empatec

Fjoerwurkhanneler Teake Brouwer fan Frjentsjer hie ek in hiel soad standers besteld, mar hat se noch net yn 'e hûs. Hy soe se der fergees by leverje, mar no't se troch de mislearring fan de earste partij djoerder binne, is dat net mear mooglik. Hy ferkeapet se der no by, as hy se binnenkrijt.

De maatregel sels fynt hy behoarlik oerdreaun en ek hast net te kontrolearjen. As minsken net ien keapje wolle, dan moatte se in foto sjen litte fan de stander dy't se sels ha. Dat is neffens him net te dwaan. Boppedat, seit hy, hawwe minsken dy't fjoerpylken ôfsjitte faak sels al goeie maatregels naam.

Teake Brouwer, fjoerwurkhânler - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Fjoerwurkhânler Teake Brouwer oer fjoerwurkstanders

Dochs ferkeapet Brouwer de ferplichte standers en hy tinkt der úteinlik wol genôch te krijen. Hy hat se fia in oare leveransier as Empatec besteld. De kommende kear sil hy sjen oft it by Empatec besteld wurde kin. Tichtby hûs is altyd better, is it kredo.

Trefwurden: 
fjoerwurk Empatec stander
(advertinsje)
(advertinsje)