FIDEO: Jean-Marc van Tol yn IepenUP

Fokke en Sukke-tekener Jean-Marc van Tol wie woansdeitejûn te gast yn IepenUP. Mei him waard 'De Staat van Nederland' bepraat. Van Tol hat ek in boek, Musch, skreaun oer Johan de Witt, in wichtige politikus út de Gouden Iuw.
Hoe stiet ús lân derfoar? Is der ôfstân tusken wat der écht bart en wat der yn de media toand wurdt? En kin in cartoon ea ferbean wurde? Oan de hân fan cartoons, fideofragminten en de aktualiteit waard it antwurd op dat alles socht.

Fierder kaam it 25-jierrich bestean fan Fokke en Sukke oan bar, striptekenjen yn it algemien en it keningshûs. Ek Asing Walthaus kaam del. Hy hat tal fan Fokke en Sukke's ferfryske. De poëzy kaam fan de stedsdichter fan Grins: Lilian Zielstra en de muzyk fan rapper Louis Pedro.
Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.