Provinsje hat stikken oer Cambuurstadion dochs binnen

19 des 2018 - 19:23

De provinsje Fryslân hat no dochs de benedige stikken binnen oer it nije Cambuurstadion. Earder woansdei sei deputearre Klaas Kielstra noch dat de provinsje noch gjin beslút nimme kin oer in provinsjale bydrage, omdat se de stikken noch net krigen hiene fan de gemeente Ljouwert. De gemeente spruts dat tsjin: "It provinsjebestjoer hat de stikken beslist krigen", sei in wurdfierder.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Yntusken is dúdlik dat de provinsje dy stikken yndie binnen hat. De hiele dei hat der koartseftich oerlis west tusken provinsje en gemeente.

No leit it dossier mei alle dokuminten dus dochs by de provinsje. Dat betsjut dat de beslútfoarming begjinne kin. Deputearre Kielstra sil in konkreet foarstel nei de Steaten stjoere.

(advertinsje)
(advertinsje)