Finansiering nij soarchsintrum It Amelân no rûn

Der is in oerienkomst oer de finansiering foar de Nieuwe Stelp, in nije soarchlokaasje op It Amelân. De KwadrantGroep hie finansjele tasizzingen dien. No't alles ûndertekene is, is der gjin ûnwissens mear oer de finansiering fan de nijbou. Dy soe allinnich trochgean as Kwadrant meibetellet. De gemeente en Kwadrant ha no ôfpraat dat se mei har twaen de nije soarchlokaasje ta stân bringe.
It plak dêr't De Stelp no sit © Google Street View
De gemeente bout it nije soarchgebou yn de buert fan de sport- en wolwêzensfoarsjenning Ons Hol yn Hollum. De KwadrantGroep hiert tweintich jier lang in diel fan de nijbou. Dêrnjonken ferkeapet de KwadrantGroep de soarchlokaasje fan no oan de gemeente.
Earder waard al ôfpraat dat de KwadrantGroep en Thuiszorg Het Friese Land yntegrale âldereinsoarch oanbiede sille op it eilân. Dat hâldt yn dat de grinzen tusken yntramurale en ekstramurale soarch abstrakter wurde. De soarchpartijen wolle ien takomstbestindige soarchorganisaasje ynrjochtsje.
Yn de Nieuwe Stelp komme 24 plakken foar yntinsive soarch, trije plakken foar earstelyns ferbliuwen (foar bygelyks observaasje of it better wurden nei in operaasje), tweintich wenienheden en trije plakken foar begelaat wenjen.

Ferset

In groep Amelanners hat him altyd bot ferset tsjin it nije soarchsentrum. Sy woene it ferhúsplan weromdraaie.