Linda Terpstra troch Opzij ferkeazen ta ien fan meast ynfloedrike froulju
Bestjoersfoarsitter Linda Terpstra fan Fier yn Ljouwert is keazen as ien fan de meast ynfloedrike froulju yn de Nederlânske non-profitsektor. Dat stiet yn de list dy't it blêd Opzij dit jier foar de tsiende kear makke hat.
De ferkiezing bestiet út tsien kategoryen en wurdt makke om it wurk fan froulju better sichtber te meitsjen. Fier sjocht de útslach as in komplimint foar har bestjoersfoarsitter. De ynstânsje is foaral bekend troch de opfang fan famkes dy't it slachtoffer binne fan geweld en misbrûk. Sûnt febrewaris is der lykwols ek in fergelykbere opfang- en behannellokaasje foar jonges.