Soarchoanbieders wrakselje mei nij plan foar sosjaal domein

19 des 2018 - 18:03

Soarchoanbieders yn Ljouwert wolle langer de tiid krije fan de gemeente om te kommen ta in mienskiplik útstel foar in alternatyf plan op it mêd fan it sosjaal domein. Wethâlder Herwil van Gelder fan de gemeente Ljouwert woe dat plan al foar 4 jannewaris ha, mar dat fine de bestjoerders fan Amaryllis, Thuiszorg Het Friese Land, De Kwadrantgroep, GGZ Friesland, Noorderbreedte, Rondomzorg, Innzorg en Zorggroep Alliade te fluch.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

De partijen wolle oant ein jannewaris nimme om te kommen ta in konvenant. Dêrnei soe der, yn gearwurking mei oare partijen en de gemeente, in útwurke foarstel komme kinne. Ljouwert hat al langer tekoarten op de soarch. Om dy op te lossen woe it nije kolleezje de soarch oars ynrjochtsje, troch de komst fan ien grutte soarchalliânsje. It moat dêrtroch folle minder burokratysk wurde en ek wurdt in berop dien op frijwilligersorganisaasjes.

Gjin dúdlike fyzje

It moat der ek foar soargje dat minsken makliker holpen wurde. Ferline wike makken de ferskate soarchoanbieders yn Ljouwert al dúdlik dat se neat sjogge yn de plannen. Der mist in dúdlike fyzje, wie de krityk fan direkteur-bestjoerder Sjoerd Tolsma fan soarchoanbieder Amaryllis.

De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn fierder oer it ûnderwerp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)