Rubryk Fries Film Archief: Vera en Ed Tietjens

19 des 2018 - 17:47

Tûzenen âlde films út Fryslân binne de ôfrûne jierren oeral weikaam en nei it Fries Film Archief brocht. De âldste kleurebylden fan Fryslân, grutte kolleksjes fan amateurfilmers: it hat aardich wat peareltsjes oplevere dy't Omrop Fryslân sjen lit. Hjoed de fjirde: Vera en Ed Tietjens út Drachten.

PETEAR FH Rubryk Fries Film Archief: Vera Tietjens

Yn de jierren 60 en 70 binne se de wichtichste filmmakkers fan Fryslân: Vera en Ed Tietjens út Drachten. It stel docht baanbrekkend wurk op it mêd fan de 9,5 milimeter film. In minder populêre film, mar dêrtroch ekstra bysûnder. Krekt sa bysûnder as de relaasje tusken Vera en Ed. It film meitsjen stie sintraal yn harren libben dêrom, hat Syds Wiersma fan it Fries Film Archief harren materiaal útsocht foar Fryslan Hjoed.

Prizen

Vera en Ed troffen mekoar yn de jierren 50. "Ed was toen 24 jaar en ik 18. Hij was altijd al bezig met films maken. Vooral tekenfilms en animatie. Hij vond het geweldig en kreeg er zelfs ook prijzen mee."

Vera holp har man ek faak as hy mei syn hobby dwaande wie, mar neffens har die er it seker net altyd goed. "Ik had op het gegeven moment zo veel commentaar op hem dat hij zei: 'waarom ga je zelf niet gewoon films maken als je zo veel commentaar op mij hebt?'. Zo ben ik begonnen met films maken."

Foto: Omrop Fryslân

Mar Vera hie in hiele oare styl fan filmjen. Sy woe har mear fokusje op ynterviews mei minsken. Sa kaam se by in útstapke yn Sleat mei harren filmklup in ferhaal tsjin dat har net mear loslitte soe. It ferhaal fan Peter Bonnet.

Laterna Magica

Bonnet (1896-1979) hie de grutste samling toverlantearnen fan Nederlân. De toverlantearne (ek wol: Laterna Magica) is in foarrinner fan de diaprojektor. It apparaat projektearret trochsichtige ôfbyldingen om't taskôgers net begriepen hoe't dat koe, tochten se dat it magyske krêften wiene.

Syn kolleksje bestiet út 10.000 toverlantearneplaatsjes, 50 kilometer âlde films en in soad âlde tastellen en apparaten op it mêd fan foto, film en projeksje.

Foto: Omrop Fryslân

De fassinaasje foar dizze man liet Tietjens net los. "Zijn collectie is uniek en dit wilde ik graag vastleggen."

Bonnet siet yntusken yn in rolstoel om't hy in harsenynfarkt hân hie. Hy wenne yn in hûs sûnder wetter of in WC. Dochs reizge Vera fjouwer kear yn 'e wike fan Drachten nei Sleat om syn ferhaal fêst te lizzen. "Dit heb ik vier jaar lang gedaan. Ik was tegelijk een soort mantelzorger voor hem. Ik maakte zijn eten en zorgde voor hem."

Als wij dan bezoek kregen lieten we films zien.

Vera Tietjens

Yntusken is Vera 83 jier âld en wennet yn Eindhoven. Yn 1987 is se út Fryslân wei ferhuze, mar de jierren dêrnei filmje sy en Ed noch in soad. "We hadden ook altijd een projector in huis staan. Als wij dan bezoek kregen lieten we films zien."

Yn 2007 waard Ed siik, hy krige kanker. In pear jier letter moast Vera ôfskie fan him nimme. "Ik moest er heel erg aan wennen", seit Vera. Se die alle filmaparatuer de doar út en op de fraach oft se noch wolris filmet: "Nee, dat is iets wat ik en Ed deden. Dat hebben wij samen afgesloten."

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.

Sjoch hjir de eardere ôfleveringen yn dizze rubryk werom:

(Advertinsje)
(Advertinsje)