Partijen binne kritysk op nije kultuernota 'Kultuer oan 'e Kime'

19 des 2018 - 17:07

Provinsjale Steaten wiene woansdei kritysk oer de nije kultuernota 'Kultuer oan 'e Kime' fan deputearre Sietske Poepjes. Yn de nota stiet dat de provinsje de kommende jierren foaral it toaniel en de popkultuer stypje wol. Oare kultuersektoaren krije minder omtinken en in soad partijen fine dat gjin goede saak.

Foto: Provinsje Fryslân

De PvdA wol mear omtinken foar byldzjende keunst. De VVD giet noch in stap fierder. De liberalen wolle Museum Belvédère yn Oranjewâld in startsubsydzje jaan, om foar te kommen dat dit museum fanwege jildpine slute moat.

It giet om in tekoart fan oardel ton. De VVD wol Deputearre Steaten de opdracht jaan om de problemen yn kaart te bringen en op te lossen yn oerlis mei it museum en de gemeente Hearrenfean. Deputearre Sietske Poepjes hat sein dat se graach ree is om te oerlizzen mei it museum en de gemeente oer de jildpine fan Belvédère.

De Steaten kamen mei noch folle mear moasjes en amendeminten op de kultuernota. De fokus op 'popkultuer' moat neffens VVD en PvdA ferbrede wurde oant in fokus op alle soarten muzyk, fan hafabra oant jazz, metal en klassike muzyk.

Avine Fokkens fan VVD

PvdA-Steatelid Tjerk Voigt

Trefwurden: 
steaten kultuernota
(advertinsje)
(advertinsje)