Dantumadiel wol mei har ynwenners yn petear oer de takomst

It kolleezje fan Dantumadiel wol takom jier mei de ynwenners en ûndernimmers yn petear oer hoe't de takomst fan de gemeente der útsjen moat. De gemeente wol witte hoe't se har tariede moatte op klimaatferoaring en fergrizing.
It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dantumadiel wol mei de befolking foarútsjen foar in perioade fan tsien jier. Hoe't dat dan krekt gean sil, is noch net bekend. De gemeente komt noch mei in plan fan oanpak. Begjin takom jier wurdt dat plan foarlein oan de gemeenteried.