Langer ûndúdlikens; iishockeyhal UNIS Flyers by Thialf kin noch net iepen

De iishockeyhal fan de UNIS Flyers by Thialf bliuwt foarearst ticht. Ut de stabiliteitsproef fan tiisdei docht bliken dat de konstruksje oan it dak net hielendal yn oarder is. De kommende dagen besjogge de konstrukteurs oft se mei maatregels de hal wer feilich meitsje kinne.
De iishockeyhal yn Thialf © www.orange-pictures.nl
De proef waard dien om te sjen oft de konstruksje foldocht oan de wetlike easken, mar de feiligens kin dus net garandearre wurde. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean: "Die proef heeft een situatie als een zware storm of rukwind gesimuleerd. We dachten: de beweging in het dak zal wel meevallen, want uit theoretische modellen bleek dat het dak dat aan zou kunnen. Maar in de praktijk blijken er toch meer vervormingen te zijn in het dak, dan wat we bedacht hadden. Dus dan is de situatie niet veilig."

Hal stabyl meitsje

"Nu moeten we kijken of er mogelijkheden zijn om op een andere manier de hal stabiel te maken", seit Van der Zwan. "We hebben constructeurs de opdracht gegeven om de komende dagen alle scenario's op een rij te zetten en ons dan te laten weten wat de mogelijkheid is om de stabiliteit wél te verkrijgen, tegen aanvaardbare kosten en een aanvaardbare termijn."
Oant dy tiid mei der nammentlik gjinien de hal yn. En dus kinne de iishockeyers fan de UNIS Flyers en ek jeugdspilers der net terjochte.
Op dit moment is het niet veilig is om de hal te gebruiken.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean
Boargemaster Tjeerd van der Zwan: "Het liefst had ik alle betrokkenen nu verteld dat de metingen van gisteren iets aantoonden dat heel vlot op te lossen zou zijn. Jammer genoeg kan ik dat op dit moment niet. De enige boodschap die we nu kunnen geven is dat het op dit moment niet veilig is om de hal te gebruiken."

Langer ticht of wer iepen?

Takom freed makket de gemeente Hearrenfean mear bekend oer de helberens fan de maatregels dy't de konstrukteurs tsjin dy tiid beoardiele ha. "Dan moet het eindoordeel er zijn. We kijken dan of de hal langer dicht moet blijven - wat ik niet hoop - of dat we binnen een redelijk korte termijn weer kunnen openen."
De hal waard twa wiken lyn sletten.

Stabiliteitsproef

By de stabiliteitsproef fan tiisdei ha se de lûkkrêft op de gevel en de dakkonstruksje stadichoan opfierd. Troch it opfieren fan de druk, binne ekstreme situaasjes, lykas swiere stoarm en sniefal simulearre.
Hoe't it kin dat der problemen binne mei de hal, dêr wurdt letter nei sjoen. "Het is een vraag die we allemaal hebben, maar we moeten eerst het probleem oplossen."
Tjeerd van der Zwan