Besikersrekôr Fries Museum ferdûbelet: 350.000 besikers yn 2018

19 des 2018 - 16:29

It Fries Museum hie dit jier mear besikers as it oait hân hat: 350.000. Dat is twa kear safolle as it rekôr út 2016. Doe hie it museum 175.977 besikers, foaral mei tank oan in tentoanstelling oer Alma Tadema. It hege tal besikers fan dit jier komt benammen troch de tentoanstelling Escher op Reis, dat 256.450 besikers luts. Ek Mata Hari soarge foar in soad belangstelling.

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De tentoanstelling oer M.C. Escher wie fan 28 april oant en mei 28 oktober te sjen yn it Fries Museum. Dat wie yn dy perioade hast alle dagen útferkocht. Dêrom wie it museum yn de perioade ek ferskate kearen ekstra en langer iepen.

Foar Escher op Reis wie de tentoanstelling Mata Hari: de mythe en het meisje te sjen oant 2 april. Dêr kamen 92.781 besikers op ôf, wêrfan 57.000 yn dit jier. Yntusken is de tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw te sjen.

Ferline jier kamen der 143.035 besikers nei it Fries Museum

Online

De webside is in miljoen kear besocht. Op social media groeide it berik. Op Facebook gie it tal vind-ik-leuks fan 22.370 nei 28.809. Der waarden 4.176 artikelen oer it museum publisearre.

"Dit is meer dan we hadden gehoopt. Als ik drie jaar geleden had gezegd dat we in 2018 meer dan 300.000 bezoekers hadden gehaald, had iedereen me voor gek verklaard", seit Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum.

"Dit aantal gaan we niet zo snel evenaren, maar we gaan natuurlijk wel weer mooie tentoonstellingen maken en we hopen dat er veel mensen komen vanuit Friesland, maar ook vanuit het buitenland."

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

Foar 2019 komme der ûnder oare de tentoanstellingen 'Éric Van Hove: Fenduq' en 'Wij Vikingen!'

(advertinsje)
(advertinsje)