Jan Ykema: "Ik wie in jier as tweintich en hie der gjin weet fan"

19 des 2018 - 16:18

Jan Ykema ûntkent dat er oait doping brûkt hat, mar as er witten hie dat it him sa bot helpe koe, dan hie er it wol dien.

Doe't Jan Ykema fan Harns ein jierren 80 ien fan de bêste reedriders fan Nederlân wie, hat in dokter fan reedrydbûn KNSB oanbean om him te helpen mei doping. Dat stie woansdei yn De Volkskrant. Ykema seit dat dokter Rob Pluijmers him begeliede woe by it brûken fan anaboale steroïden.

"Nei it reedrydseizoen die ik oan sloeproeien en hie ik in soad traind", fertelt Jan Ykema. "Myn boppelichem wie breder wurden. Oan it begjin fan it nije seizoen frege de ploechdokter oft ik oan de anabolica siet. Ik wie in jier as tweintich en hie der gjin weet fan. Ik hâlde my dêr hielendal net mei dwaande. Ik seach it earder as in komplimint, dat ik dus 'goed gespierd' wie."

"Ik ha noait in pil sjoen of trochhân oft oaren yn myn omjouwing brûkten. De ploechdokter sei tsjin my: ast it brûkst, moatst it net op eigen houtsje dwaan, dat is gefaarlik. Jou my dan in seintsje, dan kin ik dy helpe."

Sa'n mantsje wie ik wol

"As it my jierren letter, doe't ik mear fan doping wist, oanbean wie en sein wie dat ik net betrapt wurde koe, hie ik it wol probearre. Sa'n mantsje wie ik wol. Ik woe it bêste út myn sport helje. Mar begjin jierren tachtich wie doping net sa'n hot item as dat it no is."

"Ik hâld fan iepenheid. Yn lêzingen ha ik ek wolris sein dat it my oanbean is, mar ik bin der noait op yngien. Achterôf miskien wol dom. Wa binne de winners fan de jierren tachtich? Dy't net brûkt ha, mar yn it achterlân rieden, of dy't wol brûkten en net betrapt binne?"

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei Jan Ykema

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wie ik de suffert fan de jierren tachtich?

"We stutsen in soad tiid yn it reedriden, mar waarden noait kampioen. Soenen dy bûtenlanners oars trene, tochten we doe. No witte we wol dat de East-Dútsers en Russen doping brûkten."

"It iennige dat ik meimakke ha, is dus it foarfal mei de dokter. Ik wit net oft riders brûkt ha. Mar as dat sa is, wol ik dat wol witte. Wienen dat myn konkurrinten? Wie ik de suffert fan de jierren tachtich?"

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat nochris mei Jan Ykema

Trefwurden: 
doping reedride Jan Ykema
(advertinsje)
(advertinsje)