Provinsje beslút noch net oer nij Cambuurstadion: guon stikken ûntbrekke

19 des 2018 - 15:51

De provinsje Fryslân kin noch gjin beslút nimme oer in provinsjale bydrage oan it nije Cambuurstadion, omdat sy noch net beskikt oer alle stikken. Dat sei deputearre Klaas Kielstra woansdeitemoarn yn antwurd op fragen fan 50+, PvdA en ChristenUnie.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Neffens Remco van Maurik fan de PvdA is der yn de Steaten de nedige betizing oer it nije Cambuurstadion en de werynrjochting fan it WTC-terrein. Wylst de gemeente Ljouwert seit dat alles yn kalk en semint is, seit deputearre Klaas Kielstra dat er noch net alle stikken hat.

De PvdA fynt dat de provinsje opsjitte moat, mar Kielstra seit dat er noch gjin konkreet foarstel nei de Steaten stjoere kin, omdat noch net alle ôfspraken ûndertekene binne. "De gemeente Leeuwarden en de initiatiefnemers van het stadion zijn aan zet", sa seit hy.

"Frjemd ferhaal"

Jan Waterlander neamde it ferhaal fan de deputearre "frjemd". Waterlander: "De gemeente en de provinsje wize nei inoar, dat is net handich." De ChristenUnie is fan betinken dat Kielstra gau oerlizze moat mei de belutsen wethâlders fan Ljouwert.

Kielstra fynt dat net nedich: "Er ligt een duidelijke marsroute. Wij wachten alleen op de laatste stukken. En neem van mij aan, die belanden niet onder aan de stapel."

Gemeente hâldt fol

De gemeente Ljouwert hâldt fol dat de relevante stikken oer de nijbou fan it Cambuurstadion nei de provinsje stjoerd binne. It provinsjebestjoer hat de stikken beslist krigen. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert. Neffens de gemeente leit de fout dus by de deputearren, en net by de gemeente.

Riedslid Jan Willem Tuininga oer de ûntbrekkende stikken

(advertinsje)
(advertinsje)