Autobestjoerders bringe spûkrider yn Ljouwert ta stilstân

19 des 2018 - 15:31

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert is woansdeimiddei in spûkrider ta stilstân brocht, troch in pear oare autobestjoerders. It gong om in âldere frou. Sy ried op de hichte fan de finzenis op de ferkearde helte fan de dyk, tsjin it ferkear yn.

Foto: Google Street View

It ferkear dat har yn de mjitte kaam, seach dat op 'e tiid en koe de frou warskôgje. Der barden gjin ûngelokken. De plysje is op de hichte brocht en sil mei de frou prate.

Mooglik gong de frou de fout yn, doe't se út de wyk Aldlân de ôfslach nei de rûnwei nimme woe. Dêr meie autobestjoerders allinnich rjochtsôf, de stêd út.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert spûkrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)