HEA! Fergees knippe foar de krystdagen yn Snits
Minsken mei in lytse beurs koenen dizze wike yn Snits fergees nei de kapper. Yn ien moarn namen fjouwer kapsters 27 minsken ûnder hannen, sadat elkenien mei in kreas kapsel de krystdagen yn kin. Sa treffe we ûnder oare Veronica Bisschop dy't mei har bern yn de krisisopfang sit en bliid is mei dizze fergeze knipbeurt.