Cambuur wol meitinke oer wintersk ôfskied fan Mathieu

19 des 2018 - 13:58

Justin Mathieu giet yn de winterstop mooglik fuort by SC Cambuur. De oanfaller waard koartlyn foar de tredde kear dissiplinêr skorst troch de klup. Om dy reden wol Cambuur meitinke oer in fuortgean yn de winterske transferperioade, dy't op 1 jannewaris úteinset.

Foto: www.orange-pictures.nl

Tusken de saakwaarnimmer fan Mathieu en in delegaasje fan Cambuur hat tiisdei in petear west. "Dat was een goed gesprek", fertelt technysk manager Foeke Booy fan Cambuur. "We hebben uitgebreid gesproken. Justin heeft zijn kont verbrand en op de blaren gezeten."

Mathieu slút op 1 jannewaris wol wer oan by de earste seleksje fan de Ljouwerters, om't syn skorsing dan einige is. Mar, as der in klup foar de oanfaller komt, wol Cambuur wol meitinke oer it fuortgean. "We gaan serieus kijken als zich wat voordoet", sa seit Booy.

(advertinsje)
(advertinsje)