Twa drugsriders nei efterfolging yn Drachten oanhâlden

19 des 2018 - 13:55

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa manlju út Almelo en Zwolle nei in efterfolging oanhâlden. De plysjes seagen de VW Polo mei dêryn de twa manlju slingerjend oer de A7 riden.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Op de N31 by Oerterperfallaat joech de plysje de bestjoerder in stopteken, wêrnei't dy útnaaide. Om út hannen fan de plysje te bliuwen, rieden de manlju mei hege snelheid troch de wenwyk De Wiken. Se setten de auto op de Singel oan de kant en besochten rinnendewei út te naaien.

Nei in koarte sykaksje fûn de plysje it duo ferstoppe yn in tún. Se waarden oanhâlden en nei it sellekompleks yn Ljouwert brocht. De auto is yn beslach naam en fuortsleept.

De 21-jierrige man út Almelo wurdt derfan fertocht dat hy de auto sûnder jildich rydbewiis bestjoerde en dat hy ûnder ynfloed fan drugs wie. De 27-jierrige man út Zwolle hie nei eardere feroardielingen in drugsferbod.

Trefwurden: 
plysje Drachten drugs rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)