Snits is trije nije brêgen riker: Lytse Wille, Woudloper en 't Potterke

Snits hat trije nije brêgen dy't al in skoft brûkt wurde. De nammen fan dy brêgen binne no offisjeel fêststeld troch it kolleezje.
Fytspaad © Shutterstock.com

Lytse Wille

Yn de wenwyk Harinxmaland is in fytsbrêge pleatst tusken de Ype Johannesstraat en de Noardwei. Dizze brêge leit neist de earder oanleine brêge 'Swettewille'. De kommisje Naamgeving hat dêrom keazen foar de namme 'Lytse Wille'.

Woudloper

De fyts- en fuotgongersbrêge oan de Selfhelpweg, tusken de binnenstêd en de wyk Duinterpen, giet oer in stik fan de Woudvaart. Dêrom is keazen foar 'Woudloper'.

't Potterke

Oan de Lemmerweg is in fytsbrêge pleatst tusken de binnenstêd en Tinga/Duinterpen/Drylts. Dizze brêge hyt ''t Potterke' en ferwiist dêrmei nei de Potterzijlflat en de Potterzijlstraat.