Ynboel fan Aeolus smyt goed in ton op
De onlinefeiling fan de ynboel fan de piramide Aeolus yn Seisbierrum hat úteinlik hast 110.000 euro opsmiten. It eardere boartersparadys en doch-sintrum gie ferline jier ticht, om't de ûnderhâldskosten te heech wiene.
De sjochdei, ôfrûne moandei, luts in soad potinsjele keapers. Foar de miny-fjoertoer fan Texel waard 6.000 euro betelle, foar it skaalmodel fan de Brandaris op Skylge kaam krekt 1.100 euro op tafel.
Monorail
Ien fan de meast opfallende attraksjes fan it eardere boartersparadys, de monorail, gie foar 6.000 euro fan de hân.
Yn totaal wikselen 327 spullen fan eigener. De keapers fan it guod moatte it guod op 27 desimber sels ophelje. De bieders kamen út tritich ferskillende lannen.