Oandieleferkeap Eneco smyt Achtkarspelen miljoenen op

De ferkeap fan de oandielen fan enerzjybedriuw Eneco leveret Achtkarspelen tusken de 4 en 6 miljoen euro op. Dat betsjut lykwols net dat der ekstra jild komt foar allerhanne saken yn de gemeente.
© ANP
Nei moannenlange ûnderhannelingen is no bepaald dat der in feiling komt fan de oandielen. Dy feiling soe 2 oant 3 miljard opleverje kinne. Achtkarspelen is in lytse oandielhâlder, de gemeente hat 0,19 persint fan de oandielen. Dat soe tusken de 4 en 6 miljoen euro opsmite kinne.
"Dy opbringst is in spekulaasje", seit wethâlder Harjan Bruining. De gemeente wol de oandielen kwyt om't Eneco in kommersjele partij wurden is nei de splitsing yn 2017 fan Stedin.
Om't de stream fan dividint ophâldt, moat de gemeente goed sjen nei de besteging fan it jild, om op lange termyn in sûne begrutting te hâlden. It jild soe wol brûkt wurde kinne foar de tekoarten op it sosjaal domein. "Dy útdaging is grut, it is moai dat dit bedrach binnenkomt."
Achtkarspelen kin net earder as yn 2020 oer de sinten beskikke.