Bert Middel beneamd ta lid fan de ried fan kommissarissen fan Caparis

Bert Middel, âld-boargemaster fan Smellingerlân, is beneamd ta lid fan de ried fan kommissarissen fan wurkfoarsjenningskip Caparis. Middel is no dykgraaf fan it Drintsk-Grinslanner wetterskip Noorderzijlvest. Hy is beneamd op foardracht fan de ûndernimmingsried.
Caparis © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Middel komt yn it plak fan Pieter de Kroon, dy't earder dit jier fuortgie út de ried fan kommissarissen nei oanlieding fan diskusjes oer hichte fan de beleanningen foar bestjoerders.