Kolleezje krijt in jier om 'dossier De Prikkedam' ôf te sluten

19 des 2018 - 11:49

De ried fan Easterwâlde jout wethâlder Marcel Bos in jier de tiid om in bestimmingsplan fêst te stellen foar it crosssirkwy yn Makkingea. Al skoften is der rebûlje oer de crossbaan fan motorsportferiening De Prikkedam.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De gemeenteried hie begryp foar it feit dat Bos as nije wethâlder te krijen hat mei de erfenis fan syn foargongers.

Neffens CDA'er Bos wurdt 2019 in belangryk jier foar De Prikkedam. Syn partij hopet foaral dat de âlde gloarjetiden en positive gefoelens by it neamen fan it sirkwy weromkomme, mar hy sleat ek net út dat race wolris in probleem wurde kin. "Als het niet kan, dan kan het niet."

Lûdsoerlêst

Omwenners stride al jierren tsjin de crossbaan fanwege lûdsoerlêst. Sûnt july is der gjin lûdsmjitting dien. Neffens Bos wurdt dat wol wer dien. It ynheljen fan earder opleine twangsommen is útsteld. De wethâlder wol earst de útspraak fan de Raad van State witte oer in mieningsferskil oer de mjittingen.

(advertinsje)
(advertinsje)