Fiskers meie minder skol, hjerring, makriel en kabbeljau fange

19 des 2018 - 11:01

Nettsjinsteande dat it goed giet mei de fiskstân yn de Noardsee meie Nederlânske fiskers takom jier minder tong, skol, hjerring, makriel en kabbeljau fange. Foar tong is it kwotum sels mei tachtich prosint nei ûnderen steld. Dat hawwe de Europeeske fiskerijministers en de Europeeske Kommisje ôfpraat.

Hjerringite - Foto: ANP

Johan Nooitgedagt fan de Nederlandse Vissersbond

Minister Carola Schouten fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit is bliid dat it goed giet mei de fiskstân. Dat betsjut neffens har dat de fiskers ek op langere termyn oan it wurk kinne. Neffens foarsitter Johan Nooitgedagt fan de Nederlandse Vissersbond binne de kwota net de grutste soarch fan de fiskers.

Fiskers meitsje harren earder soargen oft se de kwota überhaupt opfiskje kinne mei de Brexit dy't der oan sit te kommen, de bou fan wynmûneparken op see en de oanhâldende ûnwissichheid oar it brûken fan 'pulstuig'.

Steandewantfiskers

De Nederlânske delegaasje hat neffens Nooitgedagt wol foar opluchting soarge by de lytsskalige steandewantfiskers. Dy drigen in diel fan harren fiskerij kwyt te reitsjen, mar meie yn 2019 dochs 1400 kilo seebears oanfiere.

Steandewantfiskerij is de gearfettende term foar alle fiskmetoaden wêrby't it fisktúch stilstiet yn it wetter. De fiskerij mei steande netten berêst op it prinsipe dat fisken fongen wurde, trochdat se sels de netten yn swimme.

Boarne: Nederlandse Vissersbond

Trefwurden: 
Noardsee fiskerij kwotum
(advertinsje)
(advertinsje)